Tsjinstellings
- âld ↔ nij
- waarm ↔ kâld (tink oan kleuren/materialen)
- strak/hoekich ↔ keunstsinnich/rûn (tink oan foarmen)
- massyf ↔ fragyl (tink oan folumes)
Ik hâld fan dit spanningsfjild. Troch dizze tsjinstellings wurde myn sintugen prikkele. Ik leau yn in goed basisynterieur mei ûnferwachte eleminten.
Suverens en passy meitsje diel út fan myn persoanlikheid. Ik krij dat ek werom fan minsken om my hinne; se sizze dat ik oprjocht bin en dat ik neist ynbannich ek hiel útlitten wêze kin.
Ik hâld fan kontakt en fan de eigenheid fan minsken. Hoe’t se yn it libben steane, wat se dwaande hâldt en de kar dy’t se meitsje.